Keamerfragen CDA oer Sionsberg

02 des 2011 - 15:38

It CDA stelt keamerfragen oer de sluting fan in tal kliniken yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. De CDA'ers Sander de Rouwe en Margreeth Smilde wolle witte wêrom't de spoedsoarch ferdwynt, en oft de akute soarch binnen trije kertier berikber bliuwt. Ek wolle de Keamerleden witte oft mei de eventuele sluting fan de ôfdieling ferloskunde yn de Sionsberg de mooglikheid fan thúsbefallen yn de regio ûnder druk komt te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)