Boargemaster docht ankelbân ôf

02 des 2011 - 14:42

De Ljouwerter boargemaster Ferd Crone en syn kollega Marga Waanders fan Dongeradiel binne freedtemiddei wer ferlost fan de elektroanyske ankelbân dy't se tiisdei fan Reclassering Nederland omkrigen ha. De twa boargemasters hawwe op fersyk fan de reklassearring ûnderfûn wat elektroanysk tafersjoch krekt ynhâldt.

It gie lang net altyd goed. Sa wie it boargemaster Waanders ferbean om by de pier yn Holwert en op It Amelân te kommen, mar se die dat wol. De krekte resultaten fan de proef wurde nije wike presintearre op in bestjoerlik kongres oer elektroanysk tafersjoch mei help fan in ankelbân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)