Sietske net bliid mei fonnis

02 des 2011 - 12:24

Sietske H. fynt it spitich dat it gerjochtshôf fan Ljouwert tongersdei gjin útspraak dien hat yn har saak. De perioade fan ûnsekerheid duorret sa langer en dat fynt se swier. Dat lit har advokaat Barbara Klunder witte. Tongersdei bepaalde it hôf dat earst ûndersyk dien wurde moat nei de persoanlikheid fan Sietske H. De frou út Nij Beets (27) wurdt derfan fertocht dat se fjouwer poppen om it libben brocht hat. De lykjes ferstoppe se yn koffers op souder. Sietske H. waard earder feroardiele ta 12 jier sel. Yn heger berop is deselde straf easke.

Tongersdei soe útspraak dien wurde, mar it hôf kaam mei in tuskenfonnis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)