AZ-fans moatte mei autokomby

02 des 2011 - 11:13
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Supporters fan fuotbalklup AZ moatte snein mei in ferplichte autokomby nei de wedstryd Hearrenfean-AZ. De rjochter hat dat bepaald. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean stelde de autokomby yn, mar AZ en de supportersferiening spanden in koart pleit oan om dy komby fan tafel te krijen. Supporters fan AZ meie by in autokomby mei eigen ferfier nei It Hearrenfean reizgje, mar moatte har kaart ophelje op in parkearplak by Surch. Omdat soks allinnich kin tusken kertier foar en kertier oer trijen is der op It Hearrenfean gean mooglikheid mear om de stêd yn te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)