Ungelok: fytser swier ferwûne

© Anton Kappers
In fytser (24) út Ljouwert is tongersdei swier ferwûne rekke by in ûngelok op de krusing fan de Holwortel en de Aldlânsdyk. De man stuts de krusing oer en waard oanriden troch in automobilist (22) út Hurdegaryp. It slachtoffer is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket de oarsaak, mooglik is ien fan beide bestjoerders troch read riden. It ferkear fan de jûnsspits rûn troch it ûngelok hielendal fêst.