Boarnsterhim krijt 3 miljoen

02 des 2011 - 10:12

De gemeente Boarnsterhim krijt oer 2011 in oanfoljend bedrach fan 3 miljoen euro fan it ryk. Mei de helte fan dat bedrach moat it begruttingstekoart fuortwurke wurde. Mei de rest moat de gemeente it achterstallige baggerwurk oanpakke. Boarnsterhim hat yntusken ek in oanfraach dien foar 2012 fan 3,1 miljoen euro. Om yn beneaming te kommen foar dy stipe, moat de gemeente de ûnreplik saakbelesting wol ferheegje. Dat easket it ryk. De ferwachting is dat de ynwenners dêr net in soad fan fernimme.

It taryf giet wol wat omheech, mar oars as yn oare gemeenten hâldt Boarnsterhim wol rekken mei de weardefermindering fan hûzen. Boarnsterhim is al in skoft in saneamde artikel 12 gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)