Trije buertsupers ticht

02 des 2011 - 07:02
  • Buersuper Wurdum

De buertsupers fan Wurdum, Toppenhuzen en Eastersee hâlde der begjin takom jier mei op. De winkels binne net mear rendabel. Dat wie in oantal jierren ek al sa, mar troch gearwurking mei Talant koene de winkels doe noch iepenbliuwe.

De sluting treft tsien kliïnten fan Talant en acht meiwurkers. Dêrfoar is yntusken in oplossing fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)