Ockels sprekt yn mei tablet

01 des 2011 - 21:05

Wubbo Ockels hat tongersdeitejûn op in bysûndere wize de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân tasprutsen. Ockels makke by it ynsprekken gebrûk fan in tablet wêrmei't fia it ynternet in fideoferbining ta stân brocht wie.

Yn de kommisje bestjoer en finânsjes waard praat oer de takomst fan de Ofslútdyk. Wubbo Ockels makke him dêr nochris sterk foar syn superbus as flugge ferbining oer de Ofslútdyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)