Polohynders yn karantêne

01 des 2011 - 16:22

It Frysk Kongressintrum yn Drachten is de kommende wiken gasthear foar 57 polohynders. Dy gean nei de krystdagen op transport nei Sina. It sintrum wurdt brûkt foar karantêne. De bisten kinne dêr goed skieden wurde fan de oare bisten.

It ferfier fan hynders is in groeiende merk foar it Frysk Kongressintrum. Om't de Sinezen hieltyd riker wurde, is der dêr hieltyd mear ferlet fan goede en sûne hynders. Okkerdeis binne der ek al Fryske hynders hinne brocht, ynkoarten folgje noch mear polohynders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)