FD en LC: deselde besoarger

01 des 2011 - 16:10
  • Frysk Deiblêd

Der komt takommen jier ien besoarger foar de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. NDC Mediagroep, de útjouwer fan'e Ljouwerter Krante hopet sa kosten te besparjen. Troch de gearwurking sille guon besoargers harren wurk ferlieze. Hoefolle oft dat krekt binne, is noch net bekend.

De gearwurking moat yn it foarjier fan 2012 klear wêze. De lêzer sil neat fan de gearwurking fernimme. De krante wurdt gewoan op itselde tiidstip delbrocht.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)