Jonkhear Sandberg riddere

01 des 2011 - 16:01

Jonkhear Germain Sandberg van Oudshoorn is tongersdei beneamd ta ridder yn 'e oarder fan Oranje Nassau. Dat waard dien troch kommissaris Jorritsma. Sandberg krige de fersiersels by syn ôfskie as sjef protokol op it kabinet fan de kommissaris fan de Keninginne. Yn dy funksje hat er wurke ûnder fiif kommissarissen en makke er hûndert keninklike besites oan Fryslân mei.

De 62-jierrige Sandberg hat him fierders jierrenlang ynset foar tal fan organisaasjes, sa is er fâd en rintmaster fan it Poptaslot yn Marsum. Sandberg krige by syn ôfskie ek in boekje oer syn 32-jierrige karriêre as haad protokol, skreaun troch haad foarljochting Marcel de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)