Kristlik en iepenbier byinoar

01 des 2011 - 15:24

De kristlike en iepenbiere basisskoalle yn Froubuorren besykje takom jier as ien skoalle fierder te gean. Beide skoallen hawwe te lijen fan krimp en wolle graach fusearje. It probleem is dat de skoallen út ferskate grûnslaggen wei wurkje. Der moat dêrom goed sjoen wurde nei hoe't se fierder gean.

De bedoeling is dat beide skoallen fan augustus takom jier ôf ûnder ien dak fierder gean. Hokker skoalgebou dat wêze sil, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)