Hese net by Cambuur

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Leon Hese spilet freed net mei by Cambuur yn de útwedstriid tsjin koprinner FC Zwolle. Hese bruts moandei yn de wedstriid tsjin Almere City FC syn noas. Hy hat wol meitraind mei in masker op, mar Hese fielt him net wis genôch om de wedstriid tsjin FC Zwolle te spyljen.
Martijn van der Laan spilet dêrom, yn it sintrum fan de ferdigening. Jonathan Vosselman nimt syn plak links yn de ferdigening wer yn. Fierder spilet Cambuur yn deselde opstelling as moandei. Dat betsjut dat Sandor van der Heide opnij op de bank begjint.