Ynternetpost by Revalidaasje

Mei jild fan in anonime jefte hat Revalidaasje Fryslân yn Beetsterswach in ynternetpost ynrjochte. Ferline jier krige de revalidaasje 20.000 euro. Oant no ta hie allinnich de berne-ôfdieling in plak om te ynternetten. No kinne besikers en polyklinyske pasjinten ek achter de kompjûter krûpe.
Twa kliïnten iepenen tongersdei it nije ynternetplak. It wie al jierren in grutte winsk fan de revalidaasje om sa'n ynternetplak te hawwen, mar dat koe finansjeel net. Troch de jefte is dy winsk no yn ferfolling gien.