Lilke man falt plysje oan

01 des 2011 - 11:01

In man (66) út Broeksterswâld is woansdei plysjeminsken te liif gien dy't kontrolearje woene oft er him oan de floara- en faunawet hâlde. De plysje hie in melding krige dat de man fûgels fong. Doe't se harren melden foar kontrôle, sleat de man himsels yn syn hûs op en soalde er in klompt troch it rút fan de foardoar. De plysjes koene de klomp ûntwike, mar se krigen wol glês oer harren hinne.

Dêrnei bedrige de man de plysje mei in mes. Doe't de plysjeminsken fan it hiem ôf rûnen, kaam er harren mei stikken glês achternei. Mei help fan oproppen kollega's koe de plysje de lilke man de baas. Yn syn hûs oan de Broekpôlen waarden fiif gewearen, twa pistoalen en in bajonet fûn. Der stiene boppedat 21 yllegaal opsette bisten. De man is oppakt foar swiere mishanneling of besykjen ta deaslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)