Famkes oanriden yn Harns
In 76-jierrige frou út Harns hat woansdei yn har wenplak mei de auto twa famkes op de fyts oanriden. De frou soe fan de Easterparkwei de Kimswerterwei opride en seach de twa famkes oer de holle.
De famkes, fan 13 en 15 jier út Winaam, binne mei de sikeauto nei Snits brocht. Dêr die bliken dat it tafoel mei de ferwûnings.