Dochs noch kâns foar It Slúske

Der is dochs noch in lytse kâns dat basisskoalle it Slúske yn Goaiïngaryp iepenbliuwt. Nei fjouwer oeren fergaderjen hat de gemeenteried fan Skarsterlân de wethâlder woansdeitejûn opdroegen om ekspertize út Den Haach te freegjen.
Twa meiwurkers fan it ministearje fan ûnderwiis besjogge op fersyk fan de gemeente oft it Slúske noch iepenbliuwe kin. De opposysje hie graach in breder ûndersyk wollen, mar dat waard net stipe troch de kolleezjepartijen CDA en FNP. Wethâlder Benedictus sei ta dat er mei it ûndersyk oan de slach sil, mar seit wol dat de kâns dat de skoalle echt iepenbliuwe kin noch altyd lyts is.