Te min huzen foar âlderen

Der binne fierstente min huzen foar âlderen yn Fryslân. Dat waard dúdlik op in gearkomste fan de Fryske âldereinbûnen en Partoer Fryslân. Partoer is it sintrum foar maatskiplike ûntwikkeling yn Fryslân. Benammen op it plattelân binne te min huzen foar âlderen. It tekoart komt omdat gemeenten har te min taret ha op de fergrizing.
Yn 'e takomst sille âldereinbûnen mear oerlizze moatte mei gemeenten en wenningkorporaasjes om it wenningtekoart tsjin te gean.