Jild opknapbeurt Feankleaster
De gemeente Kollumerlân krijt 50.000 euro subsydzje fan de provinsje foar it opknappen fan it doarp Feankleaster. De gemeente hat mei doarpsbewenners in plan betocht foar it ferbetterjen fan it doarp. Dêryn wurdt rom omtinken jûn oan toerisme, rekreaasje en de histoarje fan it doarp. Der sille doarpspleintsjes ynrjochte wurde, der komme haventsjes en besteande gebouwen wurde oanpakt.
Der is ek omtinken foar diken, wetter, grien en parkearen. De kosten foar it folsleine projekt binne mear as in heal miljoen euro.