Wenten ûntromme om asbest

30 nov 2011 - 16:30

Yn Koudum binne woansdei yn sân hasten 13 âldereinwenten ûntromme fanwege asbest. It asbest waard ferline wike oantroffen by in grutte ynspeksje dy't de wenningbouferiening WoonFriesland útfiert. De bewenners oan de Boppewei moasten der fuortendaliks út. Se binne tydlik earne oars ûnderbrochtby famylje, yn fakânsjeparken en pensjons. Neffens de wenningbouferiening hat der gjin gefaar west foar de folkssûnens. It skjinmeitsjen duorret noch twa wiken.

Trefwurden: 
asbest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)