12.000 besikers by Turfdagen

10 aug 2014 - 16:44
  • Turfskip

De tsiende edysje fan de Turfdagen yn Appelskea hat sneon en snein yn totaal tolvetûzen besikers lutsen. By dit evenemint, dat om de twa jier organisearre wurdt, stiet alles yn it teken fan de turfwinning en turffeart fan eartiids.

Fierder waard ek it 40-jierrich bestean fan de Turfrûte fierd. Yn it doarp wienen ferskate histoaryske skippen te sjen en koenen minsken strune by de âlde ambachtmerk en genietsje fan teater en muzyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)