1200 hennepplanten yn auto

13 feb 2005 - 12:57

By in ferkearskontrôle op de A7 by Wûns hat de plysje hast 1200 hennepplanten oantroffen yn in bestelauto. De bestjoerder - in 32-jierrige man út Grins - sei dat er elektronika by him hie. Yn de auto trof de plysje lykwols de hennepplanten oan. De plysje hat de auto mei ynhâld yn beslach nommen.

By de ferkearskontrôle slingere de plysje ek noch tsien oare autobestjoerders op de bon. Sy hiene har papieren net op oarder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)