1200 besikers op 'Trendship'

28 okt 2014 - 20:51

Sa'n 1200 besikers hawwe tiisdei it evenemint 'Trendship' besocht. Yn meardere hallen fan Sportstêd Hearrenfean kamen benammen ûndernimmers byinoar om ynspirearre en motivearre te wurden op it mêd fan digitale ynnovaasje. De lêste trends waarden presintearre troch saneamde 'keynote-speakers' yn in hip oanklaaid teater met ljocht- en lûdshows.

Om't njonken 'de trends' ek 'de friendship' syn gerak krije moast wie der royaal gelegenheid om te netwurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)