120 flessen beisop yn Marsum

25 jul 2013 - 17:54
  • Sa meitsje se yn Marsum beisop
  • Slotbewarder Prins dwaande mei it meitsjen fan beisop

De meiwurkers fan it Poptaslot yn Marsum hawwe woansdei op tradisjonele wize 120 flessen beisop makke fan de reade beien út eigen tún. Neffens slotbewarder Bert Prins wie de kwaliteit fan de beien goed, al wie de opbringst wol wat minder as ferline jier. Op it slot wurdt al sa'n 300 jier alle simmers beisop makke op deselde wize. De beien wurde fynknypt yn grutte sekken, wêrtroch it sop yn amers ûnder dy sekken rinne kin.

Dat sop wurdt sean en der wurdt ek sûker oan teheakke. De rispinge wurdt ferparte ûnder de fâlden en de meiwurkers.

It Poptaslot is yn de moannen july en augustus ek tagonklik foar it publyk. Dêr wurdt noch net in hiel soad gebrûk fan makke. Oant no ta hawwe sa'n 300 minsken in rûnlieding troch it slot folge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)