120 flechtlingen krije in rûnfeart troch De Alde Feanen

13 des 2015 - 15:16
  • De flechtlingen op de rûnfeartboat
  • Flechtlingen yn Grou

120 flechtelingen út Grou hawwe sneon meidien oan in rûnfeart troch dat doarp en nasjonaal park De Alde Feanen. It idee kaam fan Kees van der Zweep fan it bedriuw Rondvaarten Grou. De flechtlingen hawwe net altiten likefolle om hannen en Van der Zweep hie syn skip dochs al om 'e hoeke lizzen fan it opfangplak dêr't de flechtlingen ferbliuwe.

De respons yn de opfang wie grut en de MS Grou hat der twa kear op út west. Der gongen ek in tal frijwilligers mei. Bern krigen kleurplaten en der waarden ek lytse snacks útdield.

De flechtlingen wiene bliid mei it tochtsje. It COA is ek hiel goed te sprekken oer de wize wêrop Grou de flechtlingen ûntfangt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)