12 moanne selstraf foar Pultrum

19 aug 2003 - 00:00

De Ljouwerter rjochtbank hat Jappie Pultrum (64) fan Houtigehage 12 moanne selstraf, wêrfan 4 ûnder betingst, oplein. Pultrum is feroardiele foar it ferfalskjen fan stikken, de ferkeap fan harddrugs en it wytwaskjen fan jild.

Pultrum runde in yllegaal bordeel. Syn dochter, dy't fertocht waard fan belutsenheid by de yllegale klub, waard frijsprutsen. Sy krige allinnich in boete fan 150 euro fanwege it skeinen fan it amtsgeheim as gemeente-amtner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)