12 jier yn saak-Pietje Bouma

18 mrt 2011 - 14:05
  • De rjochtbank yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)

De rjochtbank yn Ljouwert hat in 48-jierrige frou út Frjentsjer ta tolve jier sel feroardiele foar deaslach op har skoanmem, Pietje Bouma.

Pietje Bouma waard ferline jier maart yn har hûs oan de Froonacker yn Frjentsjer dea fûn. Se wie op 'e holle slein en mei in mes stutsen. In pear wiken letter waard de skoandochter oanhâlden. Sy hat altiten ûntkend. De rjochter hat har sel oplein foar deaslach, omdat moard net bewiisd wurde koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)