12 jier yn saak-Niels Kooistra

13 maaie 2011 - 15:16
  • It gerjochtshôf yn Ljouwert

Tsjin de Ljouwerter fertochte fan de moard op de 28-jierrige Niels Kooistra is yn heger berop tolve jier sel easke. Dat is itselde as de rjochtbank earder bepaalde. Kooistra waard yn augustus 2008 delstutsen. Hy rûn dêrby in dwersleasy op. Om't er net wer better wurde soe, is twa wiken letter de behanneling en beäseming stilset.

De ferdigening fûn dat de fertochte net doelbewust hannele hie, mar yn 'e hite hei, sadwaande it heger berop. Mar de rjochter gie dêr net yn mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)