12 jier sel easke yn moardsaak

20 apr 2005 - 08:30

Tsjin in 47-jierrige Irakees út Grou is tiisdei 12 jier sel easke foar de moard op syn broer. De offisier fynt it bewiisd dat de man de moard ta yn de details taret hat. Boppedat soe der sprake wêze fan earewraak.

Neffens it OM hat de Irakees syn broer om it libben brocht om't dy acht jier lang in relaasje hie mei syn frou. Ek hie it slachtoffer twa bern ferwekt by de frou dêr't fertochte fan tocht dat it syn eigen bern wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)