12 jier sel easke moard Tibetaan

16 des 2003 - 00:00

Tolve jier sel is tiisdei easke tsjin in Sinees dy't yn it azc yn Burgum ferbliuwt. De 21-jierrige man wurdt derfan fertocht in 45-jierrige Tibetaan ombrocht te hawwen yn de nacht fan 18 op 19 septimber ferline jier.

In pear dagen letter waarden dielen fan it stoflik omskot yn plestik pûden fûn yn it haventsje yn it PM-kanaal by Burgum. De fertochte ûntkent belutsen te wêzen by de moard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)