Ynternet: takomst foar hannel

Undernimmers moatte ynsette op ynternet. In stiennen winkel is, yn dizze tiid, net mear genôch. Dat is ien fan de konklúzjes fan ûndersiker Bert Broekhuis. Hy docht ûndersyk nei it takomstperspektyf foar de detailhannel yn Noard-Nederlân. Wat leechstân fan winkels oanbelanget, tinkt Broekhuis dat gemeenten oerwage moatte nije bestimmingen, lykas bewenning. Begjin 2012 sil it rapport útkomme.