Restaurant WTC moat oare namme

30 nov 2011 - 11:58

It restaurant yn it WTC Hotel mei net langer de namme Loft ha. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. De rjochtsaak wie oanspand troch Welmoed Kuiper dy't ûnder deselde namme in ynspiraasjesintrum hat yn Boksum. De reden dêrfoar is dat it brûken fan deselde namme betiizjend is, om't it restaurant en har sintrum sa ticht by elkoar sitte. Kuiper is wiis mei de útspraak. Se is dwaande in feest te organisearjen om har oerwinning te fieren.

Restaurant LOFT yn Ljouwert tinkt no nei oer in oare namme. Mar oerleit ek noch mei de advokaat, want in heger berop wolle se net folslein útslute.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)