Nochris prate oer It Slúske

30 nov 2011 - 11:39

De gemeenteried fan Skarsterlân moat woansdei prate oer basisskoalle it Slúske yn Goaiïngaryp, ek al stiet it punt net op de wurklist. Dat wolle de fraksjes fan PvdA en VVD berikke troch by it fêststellen fan de wurklist de oare fraksjes te freegjen it punt te besprekken. It kolleezje hat bekend makke dat it gjin takomst mear sjocht foar de skoalle. De skoalle sit al jierren op de ûndergrins fan it tal learlingen en dêrom hat de oerkoepeljende organisaasje Primus besletten de skoalle oan de ein fan dit skoaljier te sluten.

VVD en PvdA wolle dat it beslút yn alle gefallen mei fjouwer moanne útsteld wurdt. Dy tiid moat brûkt wurde foar it sykjen nei oplossingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)