Dronken frou oanhâlden

© Omrop Fryslân
In frou (47) út Den Haag is tiisdeitenacht op de A7 oanhâlden. Se wurdt fertocht it plak fan in ûngelok ferlitten te hawwen en mei drank op te riden. Fia de meldkeamer is de plysje oproppen om út te sjen nei in grize auto mei in dronken bestjoerster. Sy hie yn Grins belutsen west by in oanriding en wie fuortriden sûnder bekend te meitsjen wa't se wie. By de ôfslach Drachten-haven seach de plysje de oan de foarkant skansearre auto riden en hâlde de frou oan. Ut in blaastest die bliken dat se tefolle dronken hie. Se is foar neier ferhoar ynsletten.