Plysje pakt brânstofdieven

brânstof © Jeroen Wiersma / Stock.xchng
Mei help fan in oplettende tsjûge hat de plysje tiisdeitenacht op De Jouwer twa brânstofdieven oanhâlden. De tsjûge seach dat de manlju (27 en 29) har fertocht ophâlden yn de buert fan de Yndustrywei. Hy joech de gegevens fan de auto troch oan de plysje. Doe't dy kaam, dûkten de fertochten hurd fuort achter in oare auto. By it ûndersyk fûn de plysje yn de auto fan de fertochten in pear jerrycans mei brânstof en in slang. De manlju binne meinommen nei it buro. De auto en de brânstof binne yn beslach nommen.