Mear jild foar restauraasjes

Om mear tsjerken en molens restaurearje te kinnen, hellet de provinsje 320.000 restauraasjebudzjet nei foaren. Dat jild wie bedoeld om takom jier yn opknapwurk te stekken. Mar de fraach nei stipe by restauraasjes fan tsjerken en molens is folle grutter as dat de subsydzjepot grut is.
De provinsje hopet mei de maatregel ek boubedriuwen, dy't drege tiden belibje troch de krisis, in triuwke yn de rêch te jaan. Mei-inoar is der no 1,5 miljoen euro beskikber. Ek mei it ekstra jild is dat net genôch foar alle 137 oanfragen dy't by de provinsje yntsjinne binne.