Ljouwert Marketing hâldt op

29 nov 2011 - 16:12

De reklamekampanje foar Ljouwert hâldt op. De subsydzjes falle fuort en dêrom doekt de organisaasje himsels op. Marketing Leeuwarden makket reklame foar Ljouwert mei de kampanje 'Kijk! Dat is het mooie van Leeuwarden!' Sûnt 1998 fersoarge Marketing Leeuwarden de stedsmarketing mei stipe fan de gemeente en de Ljouwerter ûndernimmers. De provinsje en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland hawwe ek subsydzje jûn.

De gemeente wol de stedsmarketing fan 2012 ôf oars oanpakke en stipet dêrom Marketing Leeuwarden net mear.

Trefwurden: 
Marketing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)