Boargemaster mei ankelbân om

29 nov 2011 - 15:41

Reklassearring Nederlân wol mear misdiedigers út de finzenis helje en thús yn de gaten hâlde mei help fan in elektroanyske ankelbân. As proef dogge fiif boargemasters yn Noard-Nederlân dizze wike dêrom sa'n ankelbân om. Boargemaster Waanders fan Dongeradiel is ien fan de frijwilligers. Se wurdt 24 oeren deis, sân dagen lang op ôfstân yn de gaten hâlden.

As se te fier fan hús giet, klinkt der in lûd sinjaal, dat har opropt om werom te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)