It Slúske Goaiïngaryp ticht

It Slúske yn Goaiingaryp giet definityf ticht. Wethâlder Jan Benedictus fan Skarsterlân sjocht gjin mooglikheid om de iepenbiere legere skoalle iepen te hâlden. De learlingprognoaze is sa min dat de gemeente it beslút fan ûnderwiiskoepel Primus folget. It doek falt op 1 augustus 2012, dan moatte de 22 learlingen nei in oar plak ta.
De fraksje fan de PvdA sei yn septimber ta mei in plan op de proppen te kommen, mar de riedsleden binne der net yn slagge om in oplossing te betinken. Oerlis mei de bestjoeren fan omlizzende skoallen yn Terkaple, Terherne en De Jouwer hat ek gjin fertuten dien. Wat der mei it gebou gebeure moat wit de wethâlder noch net.