Warskôging foar kattejagers

29 nov 2011 - 11:44

De bistebeskerming Fryslân warskôget kattebesitters foar jagers dy't harren kat oansjogge foar in swalkkat. Jagers ha it ôfrûne jier by Nij Beets twa hûskatten fan de famylje Scheper ôfsketten. Jagers meie dit dwaan as it om wylde katten giet dy't op in pear hûndert meter fan in wenhûs yn de natoer sitte. Yn dit gefal gong it om goed fersoarge raskatten dy't op 40 meter fan it hiem wiene. De famylje hat oanjefte dien en ek de jagers ha tajûn in flater makke te hawwen.

In fersyk by de rjochtbank ta ferfolging hat neat opsmiten, omdat de provinsje in fergunning jûn hat. Alle jierren wurde der 1000 katten ôfsketten. De bistebeskerming is ferbjustere en wol in ferbod op it sjitten fan wylde katten. Se wolle ek dat minksen har melde dy't itselde meimakke ha. It delsjitten fan swalkkatten is tastien yn Fryslân. De bistebeskerming advisearret kattebesitters om de kat in opfallende halsbân om te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)