Behear swimbad bliuwt by Laco

© It gemeentehûs fan Easterwâlde
Laco Ooststellingwerf BV giet yn elk gefal oant 1 septimber 2012 troch mei it behear en de eksploitaasje fan it Bosbad yn Appelskea, De Boekhorst yn Easterwâlde en De Bongerd yn Haulerwyk. Dat is ôfpraat mei de gemeente Eaststellingwerf.
De gemeente hie de oerienkomst mei Laco ferline jier al opsein. mar dy wie it dêr net mei iens en wie nei de rjochter stapt. Dy docht pas yn de rin fan 2012 útspraak. Om de bedriuwsfiering fan it swimbad en de sporthallen feilich te stellen, giet de gemeente no dus earst dochs troch mei Laco Ooststellingwerf BV.