Bysûndere poppen nei museum

© argyf Omrop Fryslân
Boartersguodmuseum De Boerepleats yn Ychtenbrêge hat de kolleksje fan 106 poppen krigen fan de dit jier ferstoarne Jannie de Boer-de Vries út Ketlik. Dizze frou makke jierrenlang sels poppen en klean foar de poppen. De poppen drage klean út de jierren 500 nei Kristus oant en mei 1950. De Boer joech oant har 90e jier workshops oer moade en de poppen.
Har samling krijt in permanint plakje yn De Boerepleats. Wannear't de poppen te sjen binne, is noch net bekend. Der moatte earst nije fitrines foar makke wurde.