Mishanneling mei kneppel

29 nov 2011 - 10:19

De plysje hat moandei in 24-jierrige Ljouwerter oanholden foar mishanneling. Om acht oere hinne kamen twa maskere manlju mei kneppels in wenning oan de Annie Westlandstrjitte yn. De bewenner en in freon waarden slein mei in kneppel.

Ek al wie de man fermomme, de 24-jierrige waard toch herkend. Hy koe letter op de jûn oanholden wurde. Nei de twadde fertochte wurdt noch ûndersyk dien. De oarsaak fan de rúzje lei yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
kneppel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)