Kassa meinommen yn Wolvegea

29 nov 2011 - 10:09

Ut in bedriuw oan de Heerenveenseweg yn Wolvegea is yn de nacht fan moandei op tiisdei de kassa stellen. De stellerij wie om ûngefear healwei fjouweren. De bewenners fan de saak waarden wekker fan in hurde klap. Fuort dêrnei gie it ynbraakalarm ôf.

De ynbrekkers wiene der ynkommen troch in doar te fernielen. Doe't de plysje kaam wiene de dieven al fuort. Hoefolle jild der yn de kassa siet is net bekend.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)