Twa festivals yn Ljouwert

28 nov 2011 - 15:19

Ljouwert profilearret him hieltyd mear as festivalstêd. It ôfrûne wykein wie de fyfde edysje fan de Fryske Music Night en ek it nije kultuerfestival Explore The North. Se lutsen mei-inoar tûzenen besikers nei de Fryske haadstêd.

Op de Fryske Music Night yn it WTC wie der neist ferskate Fryske artysten ek in optreden fan Willeke Alberti yn it Frysk. Op meardere plakken yn de binnenstêd wie it Explore the North-festival. Dat festival rjochtet him op muzyk út it Noarden en op literatuer. Sa lies de Sweed Håkan Östlundh foar út eigen wurk. Op Explore the North binne 1500 besikers ôfkaam. De organisaasje is dêr tige tefreden oer. Dêr soe út bliken dwaan dat der romte is foar in festival dat nije paden op giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)