Ryk nije eigner PM-kanaal

28 nov 2011 - 12:18

It ryk wurdt de nije eigner fan it Prinses Margrietkanaal. Yn ruil dêrfoar krijt de provinsje 95 miljoen euro fan it ryk foar it behear en ûnderhâld fan oare farwegen yn Fryslân. Mei de oerienkomst komt der in ein oan jierren fan praten oer de kanalen yn Fryslân.

It Prinses Margrietkanaal is ûnderdiel fan de haadfarrûte tusken De Lemmer en Delfsyl. It ryk wol eigener wurde fan alle haadfarrûtes yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)