Drankriders fan 'e dyk helle

Drank © Omrop Fryslân
De plysje hat snein twa drankriders trapearre. In 21-jierrige man út Dokkum waard oanhâlden nei't er op de Ealsumerpoarte tsjin in pealtsje oanriden wie. Hy rekke syn rydbewiis kwyt.
In 39-jierrige Amsterdammer waard yn 'e nacht fan snein op moandei oanhâlden op de A7 by Folsgeare. It rydbewiis ôfpakke koe by de man net, want dat hat der net. Hy krige in rydferbod, in proses-ferbaal en in boete fan 90 euro om't er him net identifisearje koe.