Ungelok op Westergoawei

06 aug 2012 - 10:22

Op de Westergoawei by Wommels is moandeitemoarn in frachtauto de sleat yn riden. De sjauffeur wie troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e berm bedarre en doe yn 'e sleat. De sjauffeur hie gjin lichaamlik letsel troch it ûngelok. Hy kaam mei de skrik frij.

De plysje hat de wei ôfset om de truck út de sleat helje te kinnen. It ferkear op de wei Boalsert-Ljouwert moast salang omride. De plysje joech it ferkear om sawat kertier foar twaen wer frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)