Wer toerklimmers yn Balk

06 aug 2012 - 10:14

De plysje hat opnij minsken út de steigers om de toer fan de katolike tsjerke yn Balk weihelle. Oardel wike ferlyn barde dat ek al. Doe hie ien fan de klimmers ek noch de hoanne fan de tsjerketoer helle. Dizze kear bleau it by klimmen.

De fiif klimmers waarden sjoen troch ien dy't de plysje warskôge. Dy hat se der weihelle en op 'e bon slingere. It giet om in jonge fan 18 út Aldemardum, ien fan 17 út Sondel en trije fan 17 út Nijemardum.

Trefwurden: 
Balk toer klimme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)