Bylddieven jouwe bút net werom

06 aug 2012 - 10:00
  • stellen byldsjes

De trije fertochten fan 'e grutte stellerij fan bylden yn Noard-Nederlân wegerje de bylden ôf te stean. De fertochten út Grinslân wiene ûnder oare dwaande op It Amelân en yn Bûtenpost.

By harren oanhâlding fûn de plysje ferline wike fjouwer stellen bylden yn harren auto. De fertochten wegerje om de bylden fan kueroard Fontana yn Nijeskâns werom te jaan. De trije fertochten út Grins en Feandam bliuwe fjirtjin dagen langer fêstsitten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)